Wethâlder Jelle Zoetendal wol mear jild as tasein foar jeugsoarch

In moai begjin, mar genôch is de 300 miljoen euro dy't it regear ekstra útlûkt foar de jeugdsoarch yn Nederlân net. Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan gemeente Hearrenfean yn in reaksje op de troanrede fan tiisdei.
Jelle Zoetendal © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foar 2021 wie der al ien kear in bedrach fan 300 miljoen euro útlutsen, en der komt dus no noch sa'n bedrach by foar it jier 2022. Mar genôch is it noch altyd net neffens de wethâlder. Sa hat de gemeente Hearrenfean in jierliks tekoart op de jeugdsoarch fan mear as 2 miljoen euro. Zoetendal tinkt dat der út dizze 300 miljoen mar sa'n 7 a 8 ton nei It Hearrenfean komt.
"De flagge gong net daliks út, mar it wie wol moai dat we in jier ekstra wat romte krigen ha", seit Zoetendal. "Sa moatte je it echt sjen. It is in bytsje romte foar gemeenten, in bytsje lucht, om yn ús begruttingen foar jeugd hjir rekken mei hâlde te kinnen."

Twa kear nei Den Haag

De wethâlder kaam yn it nijs ôfrûne jier, omdat hy twa kear mei in grutte groep oare wethâlders nei Den Haag ôfreizge om ekstra jild te freegjen foar jeugdsoarch. Dat gie om in jierliks bedrach fan in miljard.
In protte gemeenten wrakselje mei de kosten foar de jeugdsoarch dy't earder troch provinsje útfierd waard. By it oergean fan dizze taak nei de gemeenten kaam der in koarting fan 15 persint oerhinne, en dat is hast net op te bringen foar de measte gemeenten.
Wethâlder Jelle Zoetendal fan gemeente Hearrenfean