Selstraf easke tsjin fan drugshannel fertochte man fan De Harkema

Justysje easket 162 dagen sel tsjin in man út De Harkema, dy't terjochte stie foar de hannel yn drugs. De 20-jierrige man is sels ek ferslave en wol graach ôfkicke. Justysje wol him dy kâns jaan en easke dêrom in straf dy't lyk is oan de tiid dy't de man yn foararrest sitten hat.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte makke sels GHB en hannele ek yn speed. Yn april fûn de plysje hast in heale kilo speed en mear as trije liter GHB yn de wenning fan de man. Hy ferkocht de drugs ek oan minderjierrigen. Njonken de selstraf easket justysje in jier sel ûnder betingst.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.