Fryske keamerleden sjogge kânsen foar regionale ekonomy yn nije Miljoenenota

15 sep 2020 - 21:39

De Fryske leden yn de Twadde Keamer ha de rede fan de kening tiisdei op de foet folge. Sy wiene der nammentlik by yn de Grutte Tsjerke yn Den Haag. It wie in hichtepunt foar CDA-keamerlid Harry van der Molen, al fûn VVD-keamerlid Aukje de Vries it wol wat frjemd.

Twadde Keamerleden Harry van der Molen en Jaco Geurts - Foto: Harry van der Molen

Neffens Van der Molen is it in goede saak foar de ekonomy dat it kabinet ynvestearje sil yn stee fan te besunigjen. Sa is it foar Fryslân posityf dat der in koarting komt op de ferhierdersheffing, seit er. "Dat betsjut mear mooglikheden om yn hûzebou yn Fryslân te ynvestearjen." It kabinet sil 150 miljoen euro frijmeitsje foar de regionale ekonomy.

Ek komt der mear jild foar kultuer yn Fryslân en dêr is Van der Molen ek wiis mei. "As we kulturele ynstellings yn de regio oer de kop gean litte, dan binne we yn Nederlân hiel ûnferstannich oan 'e slach."

Kânsen foar ûndernimmers

VVD-keamerlid Aukje de Vries sjocht ek kânsen foar Fryslân, benammen foar de ûndernimmers. "Ik tink dat it wichtich is dat we foar it mkb, dat hiel goed fertsjintwurdige is yn Fryslân, ekstra saken dogge." Sa giet de fennoatskipsbelesting omleech en komme mear bedriuwen foar in leger taryf yn oanmerking.

De Vries: "De regionale ûntwikkelingsmaatskippijen krije ek ekstra jild. Dus ik tink dat it ek tige wichtich is foar de bedriuwen en de minsken dy't allegear wurkje by dy bedriuwen yn Fryslân, dat dy wat stipe krije."

Harry van der Molen (CDA) en Aukje de Vries (VVD)

(advertinsje)
(advertinsje)