SC Hearrenfean hiert Amerikaansk international Ulysses Llanez

15 sep 2020 - 19:43

Sportklup Hearrenfean hat tiisdei opnij in spiler presintearre. De 19-jierrige Amerikaanske international Ulysses Llanez komt op hierbasis oer fan VfL Wolfsburg.

Llanez komt út de Feriene Steaten en makke yn febrewaris syn debút foar it nasjonale alvetal. De fleugelspiler komt oer fan it Dútske VfL Wolfsburg, dêrfoar spile er yn de jeugdoplieding fan LA Galaxy.

Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Technysk manager Gerry Hamstra is bliid dat Llanez no nei Fryslân komt. "Dit is een mooie versterking. Ulysses kan op beide vleugels spelen. Hij is een vaardige jongen, kan goed dribbelen en kan nog een goaltje maken."

Llanez wurdt foar ien jier hierd en sil mei rêchnûmer 7 spylje.

(advertinsje)
(advertinsje)