De earste Grûnrede yn de Leonzerpolder: "Lear it lânskip op 'e nij kennen"

As tsjinhinger fan de troanrede stie tiisdeitemoarn betiid in stik lân yn de Leonzerpolder yn it teken fan de Grûnrede. It is in inisjatyf fan Kening, earder Kening fan 'e Greide. Yn de Grûnrede waard praat oer hoe wichtich oft it lân foar ús is.
Fideo fan Hatogkrøller:
Grûnrede
"It wie prachtich," seit skriuwster Marcia de Graaf. "De Leonzerpolder is al in prachtich lânskip op himsels, en hielendal as de sinne omheech komt."
Sy leit út wêr't it ferhaal yn de Grûnrede oer giet. "It is in ferhaal oer ús grûn. Wy woene op dizze keninklike dei begjinne mei ús programma. It earste stik wurdt troch twa boeren útsprutsen en giet oer wat der oan de hân is mei ús boaiem. En úteinlik komt der ek in antwurd út de grûn wei, dat is in wat mear artistyk diel. De grûn fielt har net sa sjoen as dat sy is. Sy nûget ús út om har wer op 'e nij kennen te learen."

"De boaiem kin sa'n soad werom jaan"

En it wurdearjen fan de grûn is wichtich, seit De Graaf. "In boaiem kin in soad foar ús betsjutte. Fiedingstoffen foar planten, CO2-opslach. De boaiem kin sa'n soad weromjaan, mar dat ferjitte wy. Om dêr omtinken foar te freegjen, wolle wy mei de Grûnrede in nije tradysje begjinne."
© Marcel van Kammen
Marcia de Graaf, ien fan de skriuwers fan de Grûnrede