FIDEO: Prinsjesdag oars as oars, corona stie sintraal yn troanrede

15 sep 2020 - 18:25

Troch de coronakrisis wie Prinsjesdag dit jier oars as oars. Gjin Gouden Koets, gjin publyk en hielendal neat fan alle oare feestlikheden dy't by by Prinsjesdag hearre. De troanrede wie ek net yn de Ridderseal, mar in pear 100 meter fierderop yn de Grutte Tsjerke fan Den Haag. Yn Ljouwert op it provinsjehûs siet de Fryske politike elite foar de telefyzje nei de troanrede te sjen. Yn de studio fan Omrop Fryslân praat polityk ferslachjouwer Andries Bakker ús by oer de wichtichste punten fan de Miljoenenota.

(advertinsje)
(advertinsje)