De Rouwe wol mear jild nei gemeenten foar útfiering Troanredeplannen

15 sep 2020 - 17:35

Foar deputearre Sander de Rouwe leit de klam nei it hearren fan de Troanrede benammen op stipe oan gemeenten. Want dy moatte de kabinetsplannen útfiere. De Rouwe: "Sy hawwe romte, foech en jild nedich foar útfiering. Gemeenten steane it tichtst by de boarger. Sa'n krisis hawwe wy net earder meimakke. No is it tiid foar aksje en útfiering. Wy wolle as Fryslân oparbeidzje mei it regear."

Sander de Rouwe - Foto: Omrop Fryslân

Der giet wol 800 miljoen nei de Nederlânske gemeenten, mar de Fryske deputearre is dêr eins net sa oer te sprekken. "It liket in grut getal, mar dat is it net. It is in drip wetter op in gleone stien, der moat mear by. Gemeenten hawwe struktureel mear jild nedich. De Fryske gemeenten wolle ûndernimmers wol stypje, mar hawwe it jild net."

Wurkleazens

Ek De Rouwe fynt de foarspellingen foar de wurkleazens soarchlik. "Je sjogge it noch net yn de sifers, mar it komt wol. Wy hawwe yn Fryslân regelingen opset foar stazjêrs om oan it wurk te kinnen en foar wurknimmers foar oplieding. Mei ús stipepakket Lok op 1: No en Moarn stelle wy miljoenen beskikber. Wy sjogge dat dit wurket. Dêrom dogge wy in oprop oan it kabinet: nim de Fryske plannen oer."

"Tink oan de brede wolfeart"

Ien kear jild jaan is moai, mar wichtiger is it folhâlden fan stipe, fynt De Rouwe. "Dat is ús oprop. Tink oan de brede wolfeart, net allinne oan de ekonomyske. Twa moannen lyn waard dúdlik dat by de mbo's in tekoart wie fan plakken dêr't stazjêrs terjochte kinne. Dat binne de wurknimmers fan de takomst. Dêrom hawwe wy dêr in regeling foar opset. Dy kinne wy no noch útfiere as provinsje, mar eins moat it regear dat dwaan."

Jild moat der ek echt komme

Moandei presintearre it kabinet in Nationaal Groeifonds dêr't de kommende fiif jier 20 miljard euro yn stutsen wurdt. "It is wichtich dat it regear mei in perspektyf komt, mar like wichtich is de útfiering. It Wopke-Wiebes-Fonds foar ynvestearringen. Oanpak fan de feangreideproblematyk. Foar soksoarte dingen binne goeie yntinsjes, mar dat jild moat der ek echt komme. Net stinne, mar trochpakke."

Deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)