Koegelwieck op 'e nij út de feart troch technyske problemen

15 sep 2020 - 17:24

Rederij Doeksen past foar kommend wykein opnij de tsjinstregeling oan fanwege technyske problemen mei de rappe fearboat Koegelwieck. Dat is de lêste wiken wol faker bard.

Sneltsjinst de Koegelwieck - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Doeksen set kommende freed en snein syn oare rappe boat, de Tiger, yn. Dy fart wol op oare tiden as de Koegelwieck. In tal ôffearten ferfalt ek.

Passazjiers dy't boekt ha foar de Koegelwieck krije berjocht en wurde omboekt as dat nedich is.

(advertinsje)
(advertinsje)