VNO-NCW Fryslân wiis mei kabinetsplannen, mar ek noed oer wurkleazens

15 sep 2020 - 17:00

Sjoerd Galema is as foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Fryslân wiis mei de karren dy't it kabinet makke hat. "It kabinet hat ek goed harke nei de wurkjouwers foar it stipeplan. Dêr binne wy wol grutsk op as lobbyklup, dat wy dat klear krigen hawwe foar ús efterban."

Sjoerd Galema - Foto: Omrop Fryslân

"It kabinet set in stevige lijn del om troch te gean mei ynvestearjen, om sa bedriuwen sûn en oerein te hâlden. Dêr binne wy wol kontint mei. Ik tink dat it kabinet it yn de breedte hiel goed docht. De hâlding is: bedriuwen net stikken gean litte," seit Galema.

Neffens him stiet it lân der ek hiel oars foar as earder. "It is in oare krisis as de finansjele krisis fan 2008-2010. No hawwe wy in rike oerheid, der is goed fertsjinne mei de BV Nederland. No is der keazen foar net al te swiere besunigingen, mar just te ynvestearjen yn de maatskippij. Dêr bin ik entûsjast oer."

Wurkleazens: kapitaalferlies

Dochs is it net allinne mar jubeljen, want lykas fakbûnen hat Galema ek noed oer de wurkleazens. "Wy hawwe wol soargen oer de tanimming fan it tal wurkleazen, wat foarsitter Piet Fortuin fan it CNV ek sein hat: eins moatte minsken nei in ûntslach sa gau as mooglik wer fan wurk nei wurk, net yn de WW. Dêr bin ik it mei iens. It is oars ek it fergriemen fan talint. It oan de kant komme te stean, dat is dramatysk. Foar minsken sels, mar it is ek in ferlies fan kapitaal foar de mienskip."

Sjoerd Galema fan VNO-NCW Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)