Kommissaris Brok folget taspraak kening út Ljouwert wei: "Unrealistysk"

15 sep 2020 - 16:38

Prinsjesdag is dit jier oars as oars, ek foar kommissaris fan de Kening Arno Brok. Gewoanwei sit er op dizze dei yn de Ridderseal yn Den Haag, mar no folge er op it provinsjehûs yn Ljouwert fia de telefyzje de taspraak fan de kening. "It is allegear wat oars, it kaam ek wat ûnrealistysk oer", seit Brok.

Kening Willem-Alexander hie yn syn troanrede moaie wurden foar de soarch, mar ek foar de lânbousektor. "Die sector zorgt ook in tijden van crisis voor een betrouwbare voedselvoorziening", sa sei de kening. Brok wie tige wiis mei de oandacht foar de boeren yn de troanrede. "We meie grutsk wêze op ús lânbousektor en we meie grutsk wêze op ús boeren, al hielendal yn Fryslân. Dat dat perspektyf krijt, ek yn de troanrede, dat komt ek ús boeren ta."

Ferrassend wie dat de kening Skylge hiel dúdlik neamde: "Van Terschelling tot Aruba." Brok fynt it hiel moai dat de eilannen yn byld binne. En miskien hie it der wol mei te krijen dat premier Rutte ôfrûne simmer in skoftke op Skylge wie. "Mar boppe-al is it keazen, tink ik, omdat se dúdlik meitsje woene dat it iene eilân ek de ferbining hat binnen it keninkryk mei it oare eilân binnen it keninkryk. Dat binne ek komplete mienskippen dy't fitaal wêze moatte nei de takomst ta."

(advertinsje)
(advertinsje)