CNV-foarsitter benaud foar tal wurkleazen: "By ûntslach rap nei oare baan"

Foarsitter fan it fakbûn CNV Piet Fortuin makket him nei de Troanrede benammen soargen oer it tal wurkleazen. "Mooglik komme der noch 100- oant 200.000 werkleazen by. In earste weach hat al west: benammen jongelju en flekskontrakten. Mar wy merke no ek dat de fêste kontrakten oan bar binne. It oprinnende tal werkleazen is soarchlik."
Piet Fortuin
"Wy hawwe in ekstra stipepakket ôfsprutsen mei it kabinet, fan wurk nei wurk. Mar wy sette ús der as CNV foar yn dat minsken net yn de kaartebak telâne komme," seit Fortuin.

Nei sektoaren mei ferlet fan minsken

By ûntslach rap wer nei in oare baan dus. "Los fan it feit dat it minsken yn de beurs rekket, is it wichtich dat minsken sa gau as mooglik nei in oare sektor ta bringe. Soarch en ûnderwiis hawwe bygelyks genôch minsken nedich."

Ynvestearje

Wichtich is dat it kabinet bekendmakke hat te ynvestearjen, yn stee fan flink te besunigjen. Op dy wize hopet it kabinet safolle mooglik minsken oan it wurk te hâlden. Want de grutste ekonomyske gefolgen fan de coronakrisis moatte noch komme.
Dêrom is Fortuin eins net iens min te sprekken oer de plannen fan it regear. "Ik haw wol respekt foar it kabinet, dat mei ek wolris sein wurde. It kabinet ynvestearret in soad: yn bou, ynfrastruktuer, in nij fûns. Der wurdt net besunige lykas yn it ferline. Mar minsken moatte út de WW bliuwe, dat is foar my tige wichtich."

Gemeentlike lêsten

Yn polityk Den Haag kaam wer it persintaazje nei foaren dat minsken der takom jier 0,8 persint op foarút gean. "Dat is noch wol hiel spannend, it binne de bekende plaatsjes fan de keapkrêft," seit Fortuin. "Ik meitsje my wol soargen oer senioaren, minsken boppe de 65 jier. Wy witte ek net wat de gemeentlike lêsten dogge. De gemeenten sitte yn swier waar en ik bin der benaud foar dat dy lêsten omheech geane: ûnreplik saakbelesting, gemeentelike heffingen. Dêrmei bin ik wol benijd oft dy 0,8 oerein bliuwt."
Piet Fortuin fan it fakbûn CNV © ANP
Foarsitter Piet Fortuin fan it fakbûn CNV