'Ofgryslik grutte blombakken' sjitte doel foarby yn Stiens

15 sep 2020 - 15:43

It sintrum fan Stiens is net feilich, en dat hat te krijen mei de 'ôfgryslik grutte blombakken' dy't dêr troch de gemeente pleatst binne. Dat seit alteast de FNP-fraksje yn de gemeente Ljouwert.

Foto: FNP Ljouwert

Foar de simmer binne de blombakken pleatst yn oerlis mei de ûndernimmersferiening yn Stiens. It doel wie om it sintrum fan Stiens wat op te fleurjen. Neffens de FNP binne der in soad minsken, ûnder wa ek ûndernimmers, dy't sizze dat se troch de blombakken it oersjoch by it ferlitten fan it parkearplak yn it sintrum kwyt binne.

Gefaarlike situaasjes

Neffens de FNP soargje de blombakken ek foar fytsers, scooters en minsken yn in scootmobyl foar tige gefaarlike situaasjes. Sy soene troch de begroeiïng yn de blombakken, dy't fierstente heech en breed wêze soe, gjin goed sicht hawwe op it oankommende ferkear.

De fraksje wol it kolleezje freegje om aksje te ûndernimmen en sa gau as mooglik te kommen ta in feilich, mar fleurich sintrum yn Stiens.

Trefwurden: 
FNP Stiens blombakken
(advertinsje)
(advertinsje)