Martine Koopmans (24): jonge kampioen yn de dowesport

15 sep 2020 - 15:39

Martine Koopmans (24) fan Bûtenpost sit yn de dowesport. By postdoweferiening Op Eigen Wjukken yn Kollum is sy kampioen yn de Mid Fond wurden (dat binne flechten oant sa'n 400 kilometer) en sechde yn de hiele kompetysje fan dit jier. Har freon Booi van der Veen is dêr earste wurden.

Foto: Shutterstock.com (Snehaaaa Patel)

"Tegearre hawwe wy goed 40 dowen," fertelt Martine. "Wy hawwe elts in eigen dowehok. Ferline jier hie ik twa dowen dy't op Booi syn hok fleagen. Ofrûne winter sei ik dat ik sels ek graach wol wat dowen hawwe woe, dêrnei haw ik 14 jongen krigen. Us fytsehok is no omboud ta dowehok en dêr flean ik no op."

En dat fleanen giet suksesfol. "It giet super goed. Ik lear it measte wol fan Booi. Mei de wedstriden bringe wy de dowen nei it dowelokaal fan Op Eigen Wjukken, de feriening. Dêr komme se yn koeren, dy't mei in frachtwein nei it lossingsplak riden wurde. Dêr wurde de dowen loslitten en dan moatte sy sa rap as mooglik wer nei hûs."

Sy komme altyd wer thús

Dat is no krekt sa moai, fynt Martine. "Ik fyn it leukste dat sy altyd mar wer thúskomme. It is de spanning, dat je efter hûs wachtsje: wannear soene sy wer komme? Je krije in bân mei de dowen. Dat makket it wol in bysûndere sport. Ik hoopje dat ik ea ris op Teletext kom by de bêste 10 fan Fryslân."

Ferkearing en in dowehok

Eins wist sy eartiids hielendal neat fan de dowesport ôf. "Mar doe krige ik ferkearing mei Booi, dy siet der al wol yn. Doe't wy byinoar wenjen gien kaam der in dowehok yn de tún. Sa bin ik der hieltyd wat mear bekend mei wurden en haw ik it dowefirus ek wat krigen. Ik fûn it wol nijsgjirrich: hoe wurket soks, hoe komt sa'n do no eins út Frankryk wer hielendal thús?"

Martine Koopmans fan Bûtenpost

Martine Koopmans - Foto: Eigen foto
(advertinsje)
(advertinsje)