Frou ferwûne rekke by botsing op de Westergoawei by Hilaard

15 sep 2020 - 15:10

Op de Westergoawei (N359) by Hilaard binne tiisdeitemiddei twa auto's op inoar botst. Ien frou rekke by it ûngelok ferwûne. Sy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It oare ferkear koe by it plak fan it ûngelok del ride fia de ôfrit.

Foto: De Vries Media

It is net bekend hoe't de botsing ûntstean koe, mar beide auto's binne aardich skansearre. De dyk is yntusken wer frij.

(advertinsje)
(advertinsje)