Steatefraksje FNP: regio moat sels lanlik kultuerjild ferdiele

15 sep 2020 - 14:52

Lanlik jild foar kultuer moat tenei fia de regio ferdield wurde. Dat fynt de Steatefraksje fan de FNP. De partij wol der mei in nij ferdielsysteem foar soargje dat it jild earliker by ferskate regio's terjochte komt. De FNP tsjinnet der in moasje oer yn by de kommende gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Oanlieding is it advys fan it Fonds voor de Podiumkunsten oan it regear. Neffens dat advys moast sawat alle jild nei kultuer yn Amsterdam en de Rânestêd. Fryslân, Grinslân en Drinte krigen mar in pear persint.

Neffens de FNP giet it al jierren sa. Dêrom moatte regio's sels mear te sizzen krije oer de ferdieling fan kultuerjild. "It troch it regear taseine kritearium 'regionale sprieding' komt al desennia neat fan op 'e hispel," sa lit de fraksje witte.

Trefwurden: 
FNP steatefraksje kultuerjild
(advertinsje)
(advertinsje)