Man (76) fertocht fan ûntucht mei jonge azc-bewenners yn Drachten

15 sep 2020 - 13:59

In 76-jierrige ynwenner fan gemeente Smellingerlân wurdt derfan fertocht dat hy yn 2016 en 2017 ûntucht bedreaun hat mei twa jonge azc-bewenners yn Drachten fan 15 en 18 jier. It Iepenbier Ministearje easke 6 moannen sel en 18 moannen ûnder betingsten.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De slachtoffers binne troch de fertochte meinommen nei syn wente en auto, dêr't sy seksuele hannelingen ferrjochtsje moasten. De slachtoffers soene bang west hawwe om harren te ferdigenjen. De fertochte ûntkent it barren net, mar hat oanjûn dat er de jonges 'holpen' hat.

De útspraak folger op 29 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)