Sikehûs Sionsberg meldt nije start fan akute soarch yn Dokkum

De akute soarch komt werom nei it sikehûs fan Dokkum. No noch is dy soarch allinne oerdeis mooglik, en net nachts of yn it wykein.
Sikehûs Sionsberg © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It sikehûs seit dat it giet om 'innovatieve spoedzorg'. Wat dat krekt ynhâldt, wol de inisjatyfnimmer noch net sizze. Yn in digitale byienkomst moat earst de gemeenteried ynformearre wurde, seit er. Neffens de gemeente giet it om in 'belangrike ûntwikkeling' foar de regio. In wurdfierder wol fierder ek neat sizze oant nei de byienkomst. Dy is woansdeitejûn.
Teake Visser fan aksjegroep Red de Sionsberg