Stichting pleitet foar oanpak fruchtberens wylde katten foar greidefûgels

Katten binne in probleem foar de greidefûgels, benammen wylde katten dy't in soad bûten binne. Katten binne jagers en it grutte tal fjildkatten hat in negatyf effekt op de greidefûgelstân. Neffens Rixt Jellesma fan Stichting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije sit de oplossing yn it sterilisearjen en kastrearjen.
Kat in Nood
Jellesma leit út wat de stichting docht. "Wy binne in opang foar drege of net-werpleatsbere katten. Der binne sa'n 250 katten dy't wat mankearje. Dat kin de leeftiid wêze, of problemen mei it hâlden en dragen, sûnensproblemen. De bisten bliuwe oant de dea hjir wenjen. Mar wy helpe ek by needsituaasjes dêr't oare ynstânsjes net by helpe kinne. Wy fange de katten bygelyks by in boer dy't lêst hat fan tefolle katten om de doar, sy wurde sterilisearre en kastrearre. En nei in wike kinne se wer werom."

Katten te fruchtber

Neffens Jellesma sit it probleem benammen yn de grutte fruchtberens. "In kat bliuwt in jager, je foarkomme net dat in kat bûten ris in mûs of in fûgel pakt. Mar as je sjogge nei de hoemannichte wylde katten yn Nederlân: dat is bizar. Dy kategory katten moat 'm wol yn libben hâlde fan wat der yn de natuer is. Dus neffens my is it in grut probleem dat der in soad fjildkatten binne. Sy krije meardere nêsten yn in jier, dus der komme fierstente folle fan."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De oplossing soe dus ek by it oanpakken fan dy fruchtberens lizze moatte, tinkt sy. "Je moatte it probleem by de basis oanpakke: soargje dat der net sa'n soad katten berne wurde. En it sterilisearjen en kastrearjen soarget der ek foar dat katten minder swalkje. Dus it moat ek betelber wêze om maatregels te nimmen dat katten gjin jongen mear krije."

Oan de line

Guon minsken fine dat katten mar oan de line moatte. "Ik fyn it in bysûnder idee. Ik snap it wol, mar ik bin der fan oertsjûge dat je it net útfiere kinne. Je kinne it net hanthavenje en ik tink ek net dat it effekt hawwe sil. Je kinne in kat net ferlykje mei in hûn. Dy wurde fan jong ôf oan oanleard om oan de line te rinnen. Mar dat is by katten net sa. Dus as je no alle katten oan de line hawwe wolle, dan winskje ik minsken sterke. By jonge katten soene je it leare kinne, mar by âldere katten slagget dat net."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by Stichting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije
Rixt Jellesma fan Stichting Kat in Nood yn Drachtsterkompenije © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman