Bysûnder jubileum foar stâlmaster Wassenaar: foar it earst Prinsjesdag sûnder hynders

15 sep 2020 - 11:25

Stâlmaster Bert Wassenaar fiert in bysûnder jubileum. Wassenaar is âld-foarsitter fan it Frysk Hystestamboek, en de baas fan it keninklik ferfiersdepartemint. Dêrtroch is er op Prinsjesdag ferantwurdlik foar ûnder mear de koetsen en de Fryske hynders. Foar it earst yn 25 jier sjocht er de hynders en koetsen net útriden op de tredde tiisdei fan septimber.

Bert Wassenaar mei syn hynder Mitch - Foto: ANP

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima geane mei de auto nei de Grutte Tsjerke yn Den Haag. De Glêzen Koets bliuwt yn de Keninklike Stâlen.

Mooglik dat Wassenaar, grutbrocht yn Noardwâlde, al in foargefoel hie dat syn sulveren jubileum as stâlmaster hiel oars wêze soe as de 24 ôfrûne jierren. Ferline jier woe Wassenaar al net foarútsjen: "Earst dit jier mar ris ôfhannelje, dêrnei sjogge we wol."

Wassenaar fertelde ek dat er Prinsjesdag en alles wat dêrby sjen komt noch altyd sjocht as it hichtepunt fan it jier. Dat it spektakel dit jier fanwege de coronakrisis net trochgiet, fynt er spitich. Net allinnich foar himsels, mar foar it hiele stâldepartemint, dat trouwens ek foar de auto's en it oare ferfier soarget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)