De Freulepartij set sneon útein mei 39 partoeren, mar wol sûnder tribunen

15 sep 2020 - 10:46

Gewoanwei lizze de draaiboeken klear as je in grut evenemint organisearje. Mar dit jier is alles oars. Sa ek by De Freulepartij yn Wommels. Sneon wurdt der wer keatst om de gouden klokjes. Nettsjinsteande de coronakrisis giet de wichtichste keatspartij foar jonges yn de leeftiid fan 14 oant 16 jier gewoan troch. Mar wol mei maatregels.

De Freulepartij yn 2018 - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Tjeerd Dijkstra

"Uteinlik steane der 39 partoeren op de list. Dat is in moai oantal, nettsjinsteande de coronakrisis. It binne mar twa partoeren minder as ferline jier," seit foarsitter Tjeerd Dijkstra grutsk.

Dêr moast wol in soad foar regele wurde. "Gewoanwei hie dizze Feulepartij op 5 augustus west, it is no 19 septimber. In oare tiid, alle oare sporten binne wer begûn. Dus wy woene wol in tal saken yn 't foar regelje. Bygelyks it bestjoer fan stichting de Freulepartij mei de keatsferiening yn Wommels. Dy hawwe der altyd posityf yn stien om de jonges wer in poadium te jaan. Ek de sponsoaren binne wichtich om it mooglik te meitsjen, lyk as de gemeente Súdwest-Fryslân. En fansels de ferieningen, mar dy wiene ek posityf. Ferline wike hawwe wy de fergunning krigen: it kin mar in moaie keatsdei wurde sneon."

Gjin tribunen

Op de dei sels sil it der wol wat oars útsjen. "It is allegearre oars, wat dat oanbelanget moatte wy alles spegelje oan de maatregels tsjin it coronafirus. Woansdeitejûn is it lotsjen op it fjild. Oars hie dat yn in hoarekagelegenheid west. Der komt in sûnens-check, alle minsken op it terrein wurde registrearre en krije in spesjaal sitplak. Dat is allegearre yn 't foar regele."

Ek it publyk is der net. "Sneon steane der gjin tribunen en der is ek net in tocht troch it doarp mei it korps. De 5.000 taskôgers binne der dus net. Wol hawwe wy de flagge op de toer en lizze wy in blomke. Moarns om 9.00 oere sette wy útein mei de earste partij. "

De Freule is sneon fan ien oere ôf rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân. Op telefyzje is der in ekstra sportprogramma te sjen, mei ek in protte omtinken foar it NK Fierljeppen. Op de webside en de app fan Omrop Fryslân is de Freule fan 13:00 oere ôf rjochtstreeks te sjen.

Snein oer in wike is de Frouljus-PC ek rjochtstreeks te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)