Beleanning foar boek oer Us Heit, de Fryske stedhâlder dy't Grinslân befrijde

15 sep 2020 - 10:31

De stichting Nassau en Friesland wol 5.000 euro betelje oan de histoarikus dy't in biografy skriuwe wol oer Willem Loadewyk. Dat wie de earste Fryske stedhâlder út it hûs Nassau. De syktocht nei in biograaf keallet swier.

Willem Loadewyk - Foto: Wikipedia (cc)

Bearn Bilker

Stedhâlder Willem Loadewyk libbe fan 1560 oant 1620. Foar in skriuwer is dat in drege tiid, seit Bearn Bilker fan de Nassaustichting. "Je moatte spesifike kennis ha oer dy tiid, en je moatte de boarnen lêze kinne. Dat is noch net sa ienfâldich."

Willem Loadewyk wie kapitein-generaal fan it leger fan Fryslân, en mei prins Maurits van Oranje wie er opperbefelhawwer fan it Steatske leger, yn de striid tsjin de Spanjerts.

Benammen de taktyk dy't er brûkte om Grinslân te befrijen is bekend wurden. Grins wie yn hannen fallen fan de Spanjerts, mar trochdat Willem Loadewyk de wegen nei de stêd ien foar ien ôfsletten hie, sadat de befoarrieding stokte, koe er nei in lange striid de stêd oernimme.

Pas yn de njoggentjinde iuw hat Willem Loadewyk de bynamme Us Heit krigen. Doe wie der wer in protte belangstelling foar de eigen skiednis, seit Bilker. Yn 1906 krige Willem Loadewyk in stânbyld op it Hofplein yn Ljouwert, de stêd dêr't er begroeven leit.

Us Heit op it Hofplein - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)