Jousters sette de túnstuollen bûten: lang om let komt Jouster Toer werom

Der stiene al ier en betiid belangstellenden om de Jouster Toer hinne. Tiisdei hat de Hobbe van Baerdt Tsjerke lang om let de spits werom krigen. Al sûnt desimber 2018 stiet it byldmerk fan De Jouwer yn de stegers, om't it hout oantaast wie troch de bûnte kjifkrobbe. De Toerstrjitte is tiisdei ôfsletten fanwegen de wurksumheden. Dochs wie it tiisdeitemoarn al drok om de toer hinne. Guon ynwenners hawwe de túnstuollen der foar bûten set.
Lang om let komt Jouster Toer werom
Oannimmer Hugo Landman: "Der binne in soad ferbiningen: 24 op in lyts hoekje. Wy binne mei fjouwer man. It is super moai gien, it passet perfekt. Wy meie net kleie: der wie in soad belangstelling en it waar is prachtich. Ik hoopje dat de toer wer 400 jier pronkje kin. It wurk is noch net dien: de poaten fan de lantearne moatte noch yn it lead, der moat wat houtwurk omhinne, wat listen. Ik hoopje dat wy de stegers oer twa-trije wiken wer sakje litte kinne."
De spits stiet wer njonken de toer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei oannimmer Hugo Landman
Op 13 desimber 2018 waard de lantearne fan de toer helle mei in hyskraan, om't bliken die dat it boppeste stik fan de toer bot fertutearze wie. De toer wie yn behear fan Stichting Behoud Rijksmonumenten yn De Fryske Marren, dy't de toer yn 2016 oernaam fan de gemeente. Stichting BRM wie kritysk op de gemeente, om't by ynspeksjes nea goed sjoen is nei de boppeste lagen fan de toer.
Neffens oannimmer Hugo Landman hie de spits der folle earder ôf moatten. Mar neffens wethâlder Roel de Jong foel it wol wat ta mei it gefaar. Der moast in nije toer komme, foar goed 285.000 euro. De stichting fûn dat de gemeente jild op tafel lizze moast om't sy de toer mei brekken oerdien hawwe. Yn july 2019 waard in moasje oannaam troch de gemeenteried om derfoar te soargjen dat de gemeente en de monumintestichting de hannen yn inoar slaan soene om ek sponsoaren te sykjen.

Fernijde spits

Yntusken moast De Jouwer it al in jier sûnder syn ikoan dwaan. Yn septimber 2019 waard it strjitnambuordsje op de toer mei 'Torenstraat' as ludyk protest feroare yn 'Torenweg'. Mar in pear dagen letter folge ek grien ljocht: de stichting koe opdracht jaan foar it wurk.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It opknapwurk is dien troch Jurriëns Noord, ûnder begelieding van stichting BRM en J.o.n.g. Architecten fan De Lemmer. Moandei is de spits op in skip wer fan Snits nei De Jouwer brocht. Tiisdei hat in kraan de spits werompleatst. Der moatte noch wol wat ôfwurkingen dien wurde en der komt ek noch in lytse feestlike gearkomste fanwegen de fernije lantearne en spits.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga