Kollum: "Bedriigjen is terrorisme"

15 sep 2020 - 08:17

Bliuwt nuver, de Tour de France yn dizze tiid fan 't jier. In moaie tour oars, mei in sterk Nederlânsk Jumbo-Visma team. De sprinter fan dy ploech, Dylan Groenewegen, sit thús. Dy wie al net selektearre, mar nei it ûngemak yn Poalen dêr't topsprinter Fabio Jakobsen it slachtoffer fan waard, rydt er no ek gjin oare koersen mear. Behalve dat er mentaal stikken sit, is it sa dat er oant de dei fan hjoed bedrige wurdt. En hy net allinne, ek syn famylje treft dat lot.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Willem Schoorstra

Bedriigjen en yntimidearjen is fan alle tiden. Dochs nimme de frekwinsje en de yntinsiteit dêrfan de lêste jierren drastysk ta. Tink bygelyks oan de lynrjochter dy't lêsten in bal fan tennisser Djokovic yn de nekke krige. Syn fout, dus diskwalifisearre, mar sy kriget de driichmails. #hoesa? Oare foarbylden komme benammen út de hoeke fan polityk, bestjoer, sjoernalistyk en opinymeitsjen.

Nim Pieter Omtzigt, nota bene de iennichste echte folksfertsjinwurdiger dy't der yn Den Haag omrint, dy't troch in skombekjende demonstrant útskolden wurdt foar in kankermongoal dy't hy, de demonstrant, deaslaan sil. Yn datselde rychje sit Sander Schimmelpenninck, dy't in mailbox fol deadsbedrigings krige nei útspraken yn in podcast oer prinses Alexia. Tink oan Lange Frans, dy't mei syn ynterstellêre freondinne Ossebaard sit te spekulearjen oer it deasjitten fan Mark Rutte.

Sokke bedrigings rinne oer it hiele spektrum fan de maatskippij, fan links nei rjochts en werom. Opinymakker Jan Roos makke okkerdeis in grapke oer transgender Nikkie Tutorials. Hy neamde har 'Nikkie, voorheen met pikkie'. Net sterk en wol wat maklik, joech er sels ta. Mar de haat en de bedrigings dy't hy en syn famylje dêrnei oer harren hinne krigen, hiene him kjel makke: se soene allegear in pynlike dea stjerre.

Sjoernalist Fidan Ekiz dy't troch Turkske Nederlanners bedrige wurdt, sa bot dat se mei it presintearjen fan in telefyzjeprogramma ophâldt. Kollumniste Ebru Umar, dy't itselde meimakket. Zihni Özdil, nei in kollum oer boereprotesten, Eus Akyol dy't alle dagen plysjebeskerming nedich hat, Halina Reijn, ek nei in kollum, Thierry Baudet dy't mei de dea bedrige wurdt en waans doar bekladde is.

De list is einleas. Yn Ingelân is in Labour-politika delsketten troch in rjochtse aktivist, yn Amearika in Republikein troch in linkse aktivist, Theo van Gogh by ús troch in islamist en Fortuyn troch in bisteaktivist. Dat binne lykwols de ekstremen. Mar de ympekt fan ferbaal geweld moat net bagatellisearre wurde. Bedriigjen en yntimidearjen ûnderwrotte de demokrasy. Dy smoare it iepenbiere debat en liede ta selssensuer. It is sadwaande de heechste tiid dat wy inoar wer in ôfwikende miening gunne, sûnder inoar fuortendaliks út te skellen en dea te winskjen. Us demokrasy fertsjinnet mei oare wurden in hurde oanpak fan sok asosjaal gedrach. Want bedriigjen is ek terrorisme.

(advertinsje)
(advertinsje)