Fryske senator siket ynhâld op Prinsjesdag dy't 'fan minút oant minút' regele is

Earste Keamerlid Germ Gerbrandy (OSF) fynt it skande dat Prinsjesdag net yn de Ridderseal is, dêr't de mienskiplike gearkomste tradysjoneel holden wurdt. Dat der dit jier gjin bûnte huoddeparade is fynt er minder slim. "Je moatte opfalle troch de ynhâld, fyn ik."
© ANP
Germ Gerbrandy sjocht foarút op Prinsjesdag
Troch de coronakrisis sjocht de tredde tiisdei fan septimber der dit jier oars út as oars. It programma is minder útwryks, en de kening komt net mei de koets nei de Ridderseal, mar giet mei de auto nei de Grutte Tsjerke. Dêr is mear romte, en der komme minder minsken.

Strang protokol

Germ Gerbrandy is as Earste Keamerlid wol útnûge. It protokol is strang, seit er. Alles is oant op de minút regele. "It silplak is bepaald, en yn in tagongsbrief stiet hoe let oft je sitten gean moatte."
De Keamerleden wurde mei buskes ferfierd, en moatte in mûlkapke op. "Dy binne spesjaal fabrisearre. Miskien wurdt it wol in 'gadget'."
Oare jierren keazen Keamerleden der wolris foar om mei de klean, of de hoed, in statement te meitsjen. Gerbrandy sjocht dat net sitten. Hy sil gjin Frysk spjeldsje opdwaan, seit er. Hy wol opfalle troch de ynhâld.

Oandacht foar de ferhierdersheffing

"Myn spesjale oandacht giet út nei de ferhierdersheffing. No al leit op strjitte dat minister Kajsa Ollongren dêr wat oan dwaan sil. Ik wachtsje dat mei belangstelling ôf."
Gerbrandy stipe earder dit jier in útsûnderlike moasje fan ôfkarring tsjin dy minister, om de hierferheging fan tafel te krijen. En yn syn earste taspraak as senator fage Gerbrandy ek al de flier oan mei de ferhierdersheffing. Dêr krige hy doe kompliminten foar fan oare Keamerleden.