Boargemaster Drachten: 'Mei 16 jier binne je miskien noch hieltyd wol te jong om in mes te keapjen'

15 sep 2020 - 10:54

Boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân neamt it in goed begjin, dat hieltyd mear winkels gjin messen mear ferkeapje wolle oan bern dy't noch gjin 16 jier âld binne.

Foto: ANP

Yn Drachten is foarich jier in jonge om it libben kaam, neidat er troch twa leeftiidsgenoaten delstutsen waard. Twa jonges, dy't doe 14 en 15 jier âld wiene, binne dêrfoar feroardiele.

Neffens Rijpstra is it net normaal dat minsken mei in mes oer strjitte geane. Yn Drachten is in messeferbod kaam, en minsken kinne op plakken previntyf fûillearre wurde.

Lanlik sizze grutte winkels sa as de Xenos, de Hema en de IKEA no dat se gjin messen mear ferkeapje wolle oan bern dy't noch gjin 16 jier âld binne. Rijpstra is dêr posityf oer, mar de leeftiidsgrins fan 16 jier neamt er 'arbitrair'. "Het is een begin, maar misschien moet de leeftijdsgrens nog wel wat verder omhoog gaan. Daar zeg ik wel bij dat het ook niet normaal is dat ouderen met messen op zak lopen."

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân

Trefwurden: 
Drachten Jan Rijpstra messen
(Advertinsje)
(Advertinsje)