Brânwacht Ljouwert yn ien nacht twa kear yn aksje foar brân yn boat

15 sep 2020 - 06:41

De brânwacht fan Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei twa kear yn aksje west om in brân yn in boat te blussen. It is net dúdlik oft de beide brannen wat mei mekoar te krijen ha.

De earste brân wie yn in boatsje dat yn it wetter lei.

Der is by beide brannen net ien ferwûne rekke.

De earste melding kaam koart nei njoggen oere jûns. Yn it wetter neist Wilaarderburen, efter de skoalle fan de Friese Poort, wie brân ûntstien yn in boat. Dêr kaam in protte reek by frij. De brânwacht koe it fjoer gau útkrije, mar fan de boat is neat oerbleaun.

Even foar ien oere kaam der opnij in melding. Ditkear oer in boatsje op in trailer. Dy stie yn de Bachstrjitte. Dizze boat is ek folslein ferlern gien.

Yn beide gefallen is it net dúdlik hoe't de bân ûntstien is.

Foto: ProNews
Trefwurden: 
Ljouwert brân boat
(advertinsje)
(advertinsje)