Drive-in gearkomste agraryske jongerein hichtepunt foar Brok

14 sep 2020 - 22:59

De ledegearkomste fan de Agraryske Jongerein Fryslân (AJF) is moandeitejûn wol op in hiel bysûndere wize hâlden. Fanwege corona koe it net sa as gewoanwei yn in sealtsje, dêrom waard de gearkomste hâlden yn de greide by Wjelsryp. Yn de foarm fan in drive-in mei elk yn syn eigen auto of trekker op oardel meter ôfstân.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Wy ha as feriening in lytse 900 leden en wy wolle eins net in ALV organisearje dêr't net alle leden komme kinne. Elkenien moat de mooglikheid ha. Doe seinen wy: no, miskien is dat ek wol wat foar ús", fertelt foarsitter Eke Folkerts fan de AJF oer de kar om de algemiene ledegearkomste yn de foarm fan in drive-in te organisearjen.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie earegast op de gearkomste. Hy hie gewoanwei op de dei foar Prinsjesdag yn Den Haag sitten, mar yn stee dêrfan stie er dus yn de greide op in boerekarre de agraryske jongerein ta te sprekken. Dat fûn er lykwols net slim.

Nij hichtepunt

"Dit is wol in nij hichtepunt. Want wa krijt no de mooglikheid om yn sa'n moai fjild, ticht by myn hûs op sa'n jûn, sprekke te meien?", sei Brok tsjin de oanwêzigen. "Corona makket kreatyf en dêr ha jim it bewiis fan levere. It kin sa, it mei sa en ik bin tankber dat ik hjir wêze mei."

Foarsitter Eke Folkerts fan de Agraryske Jongerein Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie earegast op de gearkomste

(Advertinsje)
(Advertinsje)