Jouster tsjerke krijt spits werom: mei in skip fan Snits nei De Jouwer brocht

De tsjerketoer fan De Jouwer krijt tiisdei wer in spits. Twa jier lyn is de top fan de toer ôfhelle, omdat it houtwurk oantaast wie troch de bûnte kjifkrobbe. De toer is moandei mei in skip fan Snits nei De Jouwer brocht.
© www.orangepictures.nl / Douwe Bijlsma
De toerspits is restaurearre troch it bedriuw Jurriëns Noord yn Snits, yn opdracht fan eigener Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten. De stichting naam de toer yn 2016 oer fan de gemeente De Fryske Marren. Yn 2018 die bliken dat de toer yn minne steat wie en dêrom waard er yn desimber fan dat jier fuorthelle.
No is de toerspits klear om op syn âlde plakje werom te kommen. Mei in kraan sil it gefaarte teplak set wurde op de Hobbe van Baerdt Tsjerke. De omjouwing fan de tsjerke is dan oant ûngefear 15.00 oer ôfsletten foar it ferkear.
De kommende wiken wurdt de toer noch fierder ôfwurke.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie derby doe't de toerspits op it skip set waard
Ferslachjouwer Wytse Vellinga fear mei op it skip