Jenny Douwes hoecht gjin DNA ôf te stean oan justysje

14 sep 2020 - 20:11

Nei oardel jier fan beswier meitsjen hat Jenny Douwes antwurd krigen dat se gjin DNA hoecht ôf te stean oan justysje. Neffens har docht ek bliken dat it earder ôfnommen DNA fan oare Blokkearfriezen yn juny en july 2019 al ferneatige waard.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Douwes is ien fan de Friezen dy't feroardiele is, fanwege it blokkearjen fan de A7 op 18 novimber 2017. Bussen mei demonstranten tsjin Swarte Pyt koene sa net nei Dokkum foar de nasjonale Sinteklaasyntocht dêr. Douwes wie net by de blokkade, mar it Hôf stelde dat alle fertochten harren skuldich makke ha oan it blokkearjen fan de sneldyk, it behinderjen fan in tastiene demonstraasje en it útoefenjen fan twang. De A7-blokkearders binne dêr tsjin yn berop gien en wachtsje no op de kassaasje.

"Ik bin ûnskuldich en ik fjochtsje ek net foar neat de feroardieling oan", seit Douwes oer ien fan de redenen dat se beswier makke tsjin it ôfnimmen fan har DNA. Mar der is ek in oare prinsipiële reden, fertelt se. "Je moatte earst DNA ôfstean en dan pas kinne je beswier meitsje." As it beswier grundearre ferklearre wurdt, dan wurdt it ferneatige. "Dat fyn ik in ferkearde gong fan saken", seit Douwes. Ek past neffens har it ôfnimmen fan DNA net by it soart delikt dêr't sy foar feroardiele is.

Jenny Douwes

(Advertinsje)
(Advertinsje)