Dilemma foar Fryske profklups troch coronamaatregels: "Ik stond zelf ook te juichen"

14 sep 2020 - 19:01

Sportklup Hearrenfean wûn ofrûne sneontejûn de earste wedstriid fan it seizoen, mei 2-0 fan Willem II. Dat soarge foar in soad blydskip en sjongende minsken op 'e tribune, mar offisjeel mei dat net. Ek by de oare Fryske profklup, SC Cambuur, waard der by de earste twa thúswedstriden troch guon supporters dochs songen. "We hebben alle begrip dat mensen het wel doen, maar formeel mag het niet. Dat is een probleem waar we mee zitten", seit algemien direkteur Cees Roozemond.

Foto: ANP

"Ik moet heel eerlijk zijn: ik stond zelf ook te juichen bij het eerste doelpunt. We snappen de reactie", seit Roozemond. "We zijn een entertainmentbedrijf met voetballers en we verkopen emotie. Dus het is ongelooflijk moeilijk om tegen de mensen te zeggen je mag niet juichen. Dat snappen we."

Om it sjongen dochs wat te beheinen hat de stadionspeaker twa kear in oprop dien oan de supporters. "Denk er nou om, het is formeel niet toegestaan. Probeer zoveel mogelijk ook met je club mee te denken. Beperk het tot het maximale in ieder geval", leit Roozemond de oprop út.

De KNVB hat bepaald dat minsken dy't de coronaregels skeine maksimaal in stadionferbod fan trije moanne krije kinne. Mar dêr hoege de supporters fan Hearrenfean yn alle gefallen net bang foar te wêzen. "Daar zijn we niet mee bezig. We hebben het gelukkig ook druk met andere dingen. Die zijn veel belangrijker, want dit weekend komt er weer een wedstrijd en daarna weer een", seit Roozemond.

Supporters fan SC Cambuur by de earste wedstriid tsjin NEC - Foto: www.orange-pictures.nl

Ek by SC Cambuur wie der by de earste twa thúswedstriden gesang fan de tribunes ôf te hearren. "Zoals we ook gecommuniceerd hebben, (bepaald door de overheid) is dit in de basis niet toegestaan. Daarentegen hoort emotie bij voetbal en weet iedereen die ooit in een stadion is geweest dat er - zeker ook bij een volksclub als SC Cambuur - interactie is met wat er op het veld gebeurt", lit algemien direkteur Ard de Graaf witte.

Neffens De Graaf hâlde de measte minsken harren wol gewoan oan de regels, mar net yn alle gefallen giet it goed. "In de basis zijn we een afspiegeling van de maatschappij en merk je dat de maatregelen in de praktijk soms moeilijk zijn uit te leggen", seit De Graaf. "De maatregelen zijn in veel gevallen onnatuurlijk voor de mensen en dus zal het een continu proces zijn van evalueren en herhalen van de maatregelen."

Frysk folksliet en 't Woanskip

Hoewol't se by beide klups dus besykje de supporters yn team te hâlden, waard foarôfgeand oan de wedstriid fan SC Hearrenfean wol it Frysk folksliet spile en ek by Cambuur wie tradisjoneel 't Woanskip te hearren nei de doelpunten fan de thúsklup. "Dat is heel simpel. Bij Heerenveen hoort het volkslied. Er is geen wedstrijd van Heerenveen waar het volkslied niet bij past", seit Roozemond.

By Cambuur tinke se just dat it spyljen fan 't Woanskip derfoar soarget dat de minsken minder sjonge. "Dat is één van de lessen die we hebben geleerd in de oefencampagne. Als we 't Woanskip niet draaien, wordt het juist massaal gezongen. Het bord eten weghalen, stilt de honger niet", sa lit De Graaf witte.

Neibeprate

Ek it fuotbalbûn KNVB hat fernaam dat it yn guon gefallen lestich wie om de maatregels nei te libjen. "Hoewel niet elk geluid in het stadion direct als een massaal en langdurig spreekkoor aangemerkt kan worden, merken we dat dit nog niet overal vlekkeloos ging", seit it bûn tsjin de NOS. "Dit is slechts één aspect en één van de vele regels, over het algemeen zijn we positief en zeer blij dat er weer is gevoetbald."

It bûn lit witte dat se noch yn petear sille mei de klups om it ôfrûne fuotbalwykein nei te bepraten.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei algemien direkteur Cees Roozemond

(advertinsje)
(advertinsje)