Robert Mühren genietet yn Ljouwert: "Een genot om hier elke week te spelen"

It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bewûndering út foar in doarpsgenoat dy't yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Ynsidint

De nederlaach fan ôfrûne freed tsjin Go Ahead Eagles (0-2) seagen net in soad minsken oankommen. Robert Mühren makket him ek gjin soargen en tinkt dat it in ynsidint is. "Wat we niet goed deden, is dat de centrale verdedigers niet op tijd instapten, waardoor we de voorsten van Go Ahead niet kwijt speelden. Maar in principe was er in de eerste helft niets aan de hand, want we speelden zoals we altijd spelen. Alleen de kleine details om een kans te creëren, deden we niet goed."
De spits hat de fans yn de tarieding wol efkes wachtsje litten oant definityf waard dat er wer oan Cambuur ferhierd wurde soe. Dat hie in reden: de Volendammer hat goed neitocht oer wat er wol. Dêrby is foar him de wille yn it spultsje wichtiger as op it heechst mooglike nivo spylje.
Mühren: "Nu wel, ik ben 31. Vroeger was dat anders. Ik vind het een genot om hier elke week te spelen. Dat zorgt er ook voor dat je thuis lekker in je vel zit, dat vind ik op dit moment veel belangrijker", fertelt de âld-spits fan ûnder oare AZ, NAC Breda en Sparta. Hy is mar al te bliid dat er wer op it fjild stean kin nei de coronatiid. "De afgelopen vier maanden thuis, daar werd je niet vrolijk van."
© Omrop Fryslân

"Veerman absurd goed"

Fansels giet it ek oer de 2-0 oerwinning fan SC Hearrenfean tsjin Willem ll. Volendammer Joey Veerman foel yn positive sin op, hy spile in wrâldwedstriid. Dat seach ek Mühren: "Het was absurd. Hij is absoluut goed genoeg voor Ajax. Zet hem daar maar eens neer voor de verdediging. Ik heb niet veel spelers gezien die zo comfortabel aan de bal zijn."
Yn de tarieding waard Veerman al yn ferbân brocht mei in stap hegerop. Nei sa'n goede wedstriid nimme dy lûden fansels allinne mar ta. Wat tinkt Mühren dat Veerman foar Hearrenfean opsmite moat? "Het is een gekke wereld. Vanochtend aan het ontbijt zei ik toevallig: die gaat niet voor minder dan vijftien miljoen weg."
Mühren ken de beide Veermannetjes fan Hearrenfean goed, sterker noch: Henk is hast syn buorman. "We hadden vorige week een buurtfeestje, dus dan zitten we even met elkaar."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate ôfwikseljend dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is dizze kear yn hannen fan Arjen de Boer.