Boargemaster Súdwest-Fryslân slút Snitser drugspân

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat in wenning oan de Meeuwenlaan yn Snits slute litten fanwege drugskriminaliteit. By in ynfal yn de wenning fûn de plysje harddrugs om te ferhanneljen.
Drugs © Omrop Fryslân
It gie om 9 boltsjes heroïne, 8 pillen MDMA en resten kokaïne. It die bliken dat de bewenner al langere tiid yn harddrugs hannele en dêrmei oerlêst feroarsake foar de omjouwing.
De wenning is foar trije moannen ticht.