FIDEO: Portugeeske spits moat froulju SC Hearrenfean fan goals foarsjen

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean geane dit seizoen op de bûtenlânske toer. Trainer Roeland ten Berge kin al beskikke oer in Slowaakske en Portugeeske fuotbalster en dêr komt ynkoarten noch in Amerikaanske by. Francisca Cardoso is dit seizoen de nije spits by SC Hearrenfean. Se is Portugeesk international en moat de seleksje fan de Feansters dit jier fan doelpunten foarsjen.
We folgen Francisca Cardoso yn de thúswedstriid tsjin PSV:
FH Repo Francisca Cardoso