Taksysjauffeur sjocht fytsende frou yn Ljouwert oer de holle

14 sep 2020 - 14:29

Op it Gouverneursplein yn Ljouwert is moandei oan it begjin fan de middei in fytster oanriden troch in taksybuske. De taksysjauffeur hie har oer de holle sjoen. De frou rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Foto: Kappers Media

Plysjeminsken hawwe de oanriding fierder ôfhannele. Hoe slim oft de ferwûnings fan it slachtoffer binne, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)