Frou biedt plysjeman ekskuzes oan foar smiten mei mes: "Ik heb je niet willen vermoorden"

14 sep 2020 - 14:27

In 43-jierrige frou út Ljouwert hat 100 oeren wurkstraf en 3 wiken selstraf ûnder betingst krigen foar it smiten fan in mes nei in plysjeman. Dat barde yn july dit jier yn in wenlokaasje fan Verslavingszorg Noord-Nederland. It mes fan mar leafst 18 sintimeter fleach krekt by de skonken fan de plysjeman del.

Foto: Omrop Fryslân

De rjochter hold by syn útspraak rekken mei it feit dat de frou ûnder ynfloed wie fan drugs en medisinen. Se hie krekt te hearren krigen dat se net langer yn de ynstelling wenjen bliuwe koe. Nei eigen sizzen hie se lêst fan in panykoanfal.

Yn de rjochtseal hat de frou har ekskuzes oanbean oan de plysjeman. "Ik heb hem niet willen vermoorden", sei se.

(advertinsje)
(advertinsje)