Trije stellen sloepen wer boppe wetter

14 sep 2020 - 14:12

De plysje fan Snits hat dit wykein trije stellen sloepen weromfûn yn de buert fan de Loosdrechtse Plassen. Yn juny dit jier waarden trije manlju út Brabân oanholden foar it stellen fan njoggen boaten yn Fryslân, Noard- en Súd-Hollân en Oerisel.

Dizze sloep is stellen yn Wâldsein - Foto: Politie.nl

Yntusken binne seis fan de njoggen stellen sloepen wer boppe wetter. De plysje siket noch nei boaten út Vleuten, Dirksland en Zeewolde.

(advertinsje)
(advertinsje)