FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': it ferhaal fan Erwin

Hoe dreech is it om nei in behanneling werom te kommen yn de maatskippij? We hearre it yn de searje Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei. Dêryn siket programmamakker Miranda Werkman nei de ferhalen fan de minsken efter de doarren fan GGZ Friesland. Dizze moandei de tredde ôflevering oer âld-militêr Erwin. Hy hat PTSS.
Mind Up biedt deibesteging en begelaat wenjen troch de hiele provinsje. Erwin is ien fan de minsken dy't by Mind Up wurket oan syn werstel. Hy is âld-militêr en hat hiel wat ellinde oprûn yn syn holle. No't er weromsjocht, is dat al yn syn jonge jierren begûn. Syn tiid yn Joegoslavië hat it der net better op makke.
Tweintich jier letter sjocht er in telefyzjeynterview oer in militêr mei PTSS (posttraumatyske stressstoarnis) en ynienen falt it kwartsje. Under begelieding fan ûnder oare Gerard Schram leart Erwin om te gean mei syn lilkens. It wurkjen mei de hannen helpt him dêrby. Troch de struktuer fan de deibesteging kinne minsken behoeden wurde foar 'in psychiatryske karriêre', seit Gerard Schram. Wylst Erwin it foarsichtich oandoart om te dreamen fan in takomst as miskien wol meubelmakker.