Nij stasjon makket fan Feanwâlden wer in brûzend doarp

14 sep 2020 - 11:54

De earste bus is moandeitemoarn betiid by it nije stasjon fan Feanwâlden weiriden. It nije stasjon wie nedich, om't de âlde situaasje net mear foldie, no't bûten it doarp de nije dyk de Sintrale As oanlein is. Dêrom is der in pear moannen lyn mei in werynrjochting begûn. It stasjon is no al foar in part yn gebrûk en der lizze noch mear plannen.

Nij stasjon makket fan Feanwâlden wer in brûzjend doarp

Yn april binne de wurksumheden fan start gien, en dizze moandeitemoarn betiid koe de earste bus by it stasjon weiride. Neffens wethâlder Kees Wielstra wie it heech tiid foar de oanpassing. "Wannear't it op it stasjon drok waard, dan wie de situaasje net mear feilich. Alle passazjiers, de bussen, auto's, fytsers, fuotgongers, elts rûn trochinoar foar it stasjonsgebou. Dat kin gefaarlike situaasjes opsmite. Sa hawwe bussen bygelyks in grutte deade hoeke. Dêrneist wie it stasjon ek fertutearze, it like nergens nei."

Mear romte

Der is no dus folle mear romte. "De bussen en it fuotgongersferkear komt elkoar no net mear tsjin. De auto's hoege net mear it perron op en de fytsen hawwe in oar plak krigen. Alle ferkearsstreamen binne no netsjes útinoar helle," sa seit Wielstra.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ek is der no mear plak foar it parkearjen fan de fytsen en auto's. "De âlde parkearromten stiene geregeld fol. Om't wy tinke dat hieltyd mear minsken gebrûk meitsje sille fan it iepenbier ferfier, woene wy echt in boost jaan oan it iepenbier ferkearsknooppunt hjir."

Mear wurksumheden

It wurk by it stasjon is lykwols net klear, der wurdt noch hieltyd drok wurke. "De bussen sortearren oant no ta noch foar, foar it stasjonsgebou. Dêr koene wy doe dus net mei dwaande. Fan moandei ôf oan binne dy derwei, en no hawwe wy romte om dêr in fytsestalling, in parkearplak en in moai stasjonsplein te meitsjen. Eartiids wiene wy net mear as in halte dêr't je gau wei woene, wy wolle no dat hjir echt libben komt."

Wethâlder Kees Wielstra

Eartiids wiene wy net mear as in halte dêr't je gau wei woene. No libbet it hjir wer.

Wethâlder Kees Wielstra
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferkear en natoer byinoar

No't de Rûnwei net mear foar it trochgeande ferkear brûkt wurdt, is de dyk net mear nedich. Yn plak dêrfan sil der in park oanlein wurde. Aije Klaren fan Doarpsbelang Feanwâlden: "Dêr't de âlde dyk foarhinne rûn, wurdt de boel opbrutsen, it asfalt giet derút. Dêrfoar yn plak komme beammen, bultsjes, wetter, boartersplakken, paadsjes foar kuierjen en fytsen. Dat gebiet woene wy net fol mei hûzen en kantoaren, wy woene it ferkear en de natuer dy't hjirefter leit, byinoar bringe."

De werynrjochting fan it stasjon is neffens Klaren wichtich foar it doarp. "Feanwâlden leit no echt op in krúspunt fan wegen en it iepenbier ferfier. Wy hoopje dêrtroch oantreklik te wurden foar minsken dy't yn Ljouwert of Grins wêze moatte."

Ekstra sneltrein

Der sil ynkoarten ek in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins ride, en yn it ferfolch sil dy ek yn Feanwâlden in stop meitsje. Dat is neffens Klaren in moaie kâns foar it doarp. "De grutte fraach oeral is oft der yn it doarp noch plak is foar minsken. Wy hawwe hjir in bouplan te lizzen dat noch ynfolle wurde kin. Der is grif noch wol romte." Neffens Klaren is it oanlizzen fan de ynfrastruktuer tige wichtich. "As je it net hawwe, kinne je it ek net brûke."

Yn maaie 2021 moat it stasjon hielendal klear wêze.

Aije Klaren fan Doarpsbelang Feanwâlden

(Advertinsje)
(Advertinsje)