Mediahuis nimt útjouwer Fryske kranten oer: "Toekomst is een stuk zonniger"

De Belgyske útjouwer Mediahuis nimt definityf de NDC Mediagroep oer. NDC is de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en in grut tal streekblêden. Ferline wike waard al bekend dat de partijen yn petear wiene oer in oername. Neffens Evert van Dijk, oerkoepeljend haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden, is de oername goed nijs. "De toekomst van onze kranten is een stuk zonniger geworden."
Mediahuis nimt útjouwer Fryske kranten oer
Mediahuis hat útsprutsen dat se trochgean wolle mei de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en it Dagblad van het Noorden 'met behoud van zelfstandigheid en identiteit'. Dat wie in betingst fan de oandielhâlders fan de NDC: FB Oranjewoud en it Je Maintiendrai-fûns.
Evert van Dijk: "Mediahuis hecht er aan dat de drie titels die we hebben, hun onafhankelijkheid en dus ook hun slagkracht behouden. De kranten blijven zelfstandig. Voor NDC is de lokale verankering cruciaal, dat geldt voor onze kranten en ook voor onze vestigingen. Dat blijft gewoon intact. De hoofdredacteuren blijven en ook de directie gaat over in de nieuwe situatie. Mediahuis houdt de autonomie van de verschillende onderdelen intact."
Van Dijk is dan ek tige te sprekken oer de oername. "Het is mooi dat de aandeelhouders het stokje willen overgeven aan de nieuwe aandeelhouder, die al decennia in de journalistiek zit." Oer de takomst fan it Frysk Deiblêd kin Van Dijk noch gjin konkrete útspraken dwaan. "We kunnen nog geen uitspraken doen over de toekomst van het Friesch Dagblad op langere termijn. Maar op korte termijn is de toekomst van deze krant verzekerd. De krant is in 2013 overgenomen door NDC en wordt nu overgenomen door een nog grotere uitgever. De toekomst ziet er zonniger uit voor het Friesch Dagblad."
It gebou fan it Friesch Dagblad yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Haadredakteur Evert van Dijk
Mediahuis is ûnder oare eigener fan de NRC, De Telegraaf en Dumpert. Moandei ha FB Oranjewoud en it Je Maintiendrai-fûns in akkoart tekene mei Mediahuis oer de ferkeap fan oandielen. Mediahuis nimt de merken en de 600 meiwurkers oer.
De oandielhâlders setten NDC Mediagroep earder dit jier yn de ferkeap. Al gau begûnen petearen mei Mediahuis. "Bij Mediahuis is NDC in veilige handen en is de continuïteit gegarandeerd", seit Pier Baarsma, direkteur fan NDC Mediagroep.
NDC wurdt in dochterûndernimming fan Mediahuis, sa't ek Mediahuis Nederland (De Telegraaf) en Mediahuis Limburg (De Limburger) dat binne. Doel is dat de oername 1 jannewaris klear is. De Autoriteit Consument en Markt moat de oername noch wol goedkarre.
Voor ons is het evident: we blijven in de regio.
Topman Gert Ysebaert fan Mediahuis
FB Oranjewoud en Je Maintiendrai ha ôfpraat dat se twa kommissarissen oanwize meie foar de ried fan kommissarissen fan NDC. Mediahuis beneamt de trije oare leden. De útjouwer bliuwt foarearst yn Ljouwert en Grins, seit topman Gert Ysebaert fan Mediahuis. "Voor ons is het evident: we blijven in de regio."