Sliepsekken socht foar flechtlingekamp Moria

Hasto noch in goeie sliepsek oer dy'tst net mear brûkst? Lucia Haarsma út Waskemar sammelet sliepsekken yn foar it flechtlingekamp Moria op it Grykske eilân Lesbos. De situaasje op it eilân grypt har oan. "Ik sliep der soms sels net fan."
© ANP Foto
It flechtlingekamp op it Grykske eilân Lesbos is koartlyn troffen troch in grutte brân. Alle flechtlingen rekken by de brân harren guod kwyt. Mei de winter foar de doar is it saak dat der sa rap as mooglik sliepsekken komme. Op ferskate plakken yn Nederlân kinne minsken harren sliepsekken ynleverje. Om der foar te soargjen dat alle 15.000 sliepsekken op it goeie plak komme, bringe de inisjatyfnimmers se sels nei Lesbos.
Ien fan de plakken dêr't sliepsekken sammele wurde, is it hûs fan Lucia Haarsma. "Ik bin oanstutsen troch myn dochter. Sy is nei Lesbos gongen fiif jier lyn om te helpen. Wy helpe de minsken dy't no op strjitte rinne sûnder ûnderdak. Ik ha no al in stik of 30 sliepsekken lizzen. Fersyk is oft minsken sels thús sjen wolle oft se noch in sliepsek lizzen ha. Graach efkes troch de waskmasine helje. Mar donearje kin ek op de webside fan 'Because We Carry'. Wy ha de help hurd nedich."
Lucia is bot rekke troch it nijs oer kamp Moria en de bylden dy't de wrâld oer gean fan swalkjende minsken. "It rekket my persoanlik. Ik sliep der net goed fan. Moatst dy foarstelle datst op in fuotbalfjild sliepe moatst, mei ien húske foar it hiele doarp. Dat is net foar te stellen. Ik bin benijd hoe't it op it eilân komt mei in nij flechtlingekamp. Ik tink dat wy sels helpe moatte troch guod der hinne te bringen."
De inisjatyfnimmers sykje allinnich sliepsekken foar folwoeksenen. "Fris en brandschoon, geen gaatjes en ouwe meuk", stiet der op de webside te lêzen. Wa't syn sliepsek ynleverje wol, kin kontakt opnimme mei Lucia. Kontaktgegevens fynst op it kaartsje.
Lucia Haarsma