Kollum: "Gûlende goudfisken en pratende piken"

14 sep 2020 - 08:23

"Dit wykein ha wy in nije pyk ophelle. Ien fan ús pykjes wie al in skoftke net sa fit en lei foarige wike samar ynienen dea yn it hok. De jongste wie yn triennen doe't wy it fertelden. En ik moat tajaan: it die my ek mear as dat ik tocht hie.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik wit noch goed dat wy yn april om trije piken gongen. Wy stienen by de pikeboer, dy't in grut hok hie mei wit ik hoefolle hinnen der yn. Alle trije mochten wy ientsje útsykje. Ik wiisde it meast ûnsljochte eksimplaar oan dat ik yn it hok rinnen seach. De man fan de pikebuorkerij die in haal nei it bist en pakte 'm by de poaten. Myn pykje âle om as waard er slachte. Ik ha de fingers yn de earen stoppe doe't de pikeboer de oare beide hintsjes te grazen naam.

Fansels hienen wy neat meinaam om de hintsjes yn te dwaan. Dus kaam de pikeboer mei in âlde doaze, dêr't se de reis yn de auto wol ynkoenen. Beide bern fochten wa't de doaze achteryn op skoat ha mocht. Ik seach troch it gat hinne trije benaude pykjes boppe-op elkoar sitten. En ik fûn it mar neat. Dy nuvere eachjes, dy yslike poaten en dat gefladder. Mar hoe langer dy trije hintsjes hjir thús omstapten, hoe mear ik in bân mei se krige.

Moarnsbetiid strún ik efkes nei it pikehok om ús chickies in goeiemoarn te winskjen. Ik tsjek it wetter, it fretten en helje de aaien út it hok. En ik praat efkes mei se. It heart miskien nuver, mar ik ha wolris it idee of prate se werom. Net echt fansels, mar se reagearje wol op myn lûd.

Hiest my in healjier lyn ferteld dat ik mei piken prate koe, dan hie ik dy foar gek ferklearre. Mar op de iene oft oare wize is der dochs wat mei dy bisten dat ik se leuk fyn. Miskien wol dat eigenwize. Mei syn trijen strune se troch de tún, grave gatten as wienen it Dútsers op it strân en pikke oaral lytse bistkes wei.

It leuke is dat se ús ek folgje as we bûten binne. Se steane der altyd op kop en earen by as wy oan it klussen binne. Foaral as wy it hout klove rinne se yn it paad, want samar ynienen binne der dan oeral stienkrobben te finen. In delikatesse foar ús trije froulju.

Doe't myn eigen pykje op in jûntiid net yn it hok siet, ha 'k it hiele sânpaad del west, wylst ik 'Pyk, pyk, pyk!' rôp. Se sille my hjir wol foar gek ferklearre ha, mar it koe my neat skele. Ik woe myn hintsje werom.

Doe't der ôfrûne wike ien dea yn it hok lei, moat ik sizze dat ik der suver wat ôf wie. Ik ha net gûld of sa, mar it die my wol wat. Doe't ik dit ferhaal fertelde oan in kollega, knikte dy ynstimmend. Sy hie itselde mei de kavia's fan de bern. Ek bisten dy't dy ûnnoazel oansjogge út harren koaike wei, mar dochs krijst der in bân mei.

En it kin noch gekker. Ik ken sels in Omrop-kollega dy't in goudfisk hat, dy't bliid is as er thúskomt. Gewoanwei draait syn fiskje wat rûntsjes yn de kom, mar as er op fakânsje giet dan dobberet er mar wat doelleas om. En as dy Omrop-kollega dan wer thús komt, makket de goudfisk in soart fan 'freugdedûnske'. Alteast, dat is wat er my ferteld hat.

Ik bin dus sa nuver noch net. Sa lang't der gûlende goudfisken binne, doar ik wol te bewearen dat wy thús pratende pykjes ha."

(advertinsje)
(advertinsje)