Jellum-Bears wint generale yn oanrin nei 118e Freule-partij

14 sep 2020 - 07:39

De jongeskeatsers fan de ôfdieling Jellum-Bears hawwe snein yn Sint-Jabik de generale fan de Freule wûn. Se wiene Ingelum yn de finale de baas mei 5-4 en 6-4. Dronryp, de grutte favoryt, dat oant no ta fjouwer fan de fiif ôfdielingswedstriden wûn, ferlear foar de prizen ferrassend fan Ingelum mei 5-5 en 6-4.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Freule wurdt kommende sneon yn Wommels ferkeatst. It partoer fan Dronryp bliuwt de grutste kânshawwer foar winst. Oant no ta hawwe har 37 partoeren opjûn. Der kinne noch mear bykomme. Publyk is allinnich op útnûging wolkom by de 118e edysje fan de Freule.

(advertinsje)
(advertinsje)