Gjin jubileumwedstriid, mar in trainingsdei foar de skûtsjes by Terherne

13 sep 2020 - 20:18

It SKS-kampioenskip gie dit jier fanwegen it coronafirus net troch. Sels de spesjale jubileumwedstriden, dy't oars dit wykein hâlden wurde soene, binne nei takom jier ferpleatst. Mar dochs waard snein by Terherne skûtsjesyld om in spesjale priis: de coronabokaal.

SKS Skûtsjesilen by Terherne op de Snitser Mar, fan de pier ôf sjoen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It gie net om in offisjele wedstriid, mar in eigen inisjatyf fan skipper Harmen Brouwer, en âld-skipper Pieter Brouwer en syn frou Aukje. Sy hawwe op eigen manneboet in bokaal kocht, sa't der yn it jubileumwykein fan de SKS dochs noch syld wurde koe. De skûtsjes fan De Jouwer, Langwar, It Hearrenfean, Drachten, De Heale Moanne en Ljouwert diene mei.

Trainingswedstriid, mei in priiske

Neffens Harmen Brouwer wie de dei in sukses. "Wy hawwe moai syld hjoed, al wie it fansels wol gewoan in trainingswedstriid. Mar wy hawwe sein; der moat fansels wol in priiske oan fêstsitte! Mar der stie in aardich wyntsje, en wy hawwe it moai hân mei ús allegear."

De trainingswedstriid by Terherne waard snein wûn troch it skûtsje fan De Jouwer, folge troch it Ljouwerter skûtsje.

Skipper Harmen Brouwer

(Advertinsje)
(Advertinsje)