Publyk is wolkom by Frouljus PC yn Weidum

13 sep 2020 - 19:03

De Frouljus PC yn Weidum wurdt oer twa wiken mei publyk ferkeatst. Fanwegen de coronamaatregels meie der dit jier minder minsken by de keatspartij wêze, mar der is dochs plak foar 650 taskôgers yn Weidum.

Foto: Omrop Fryslân

De kaartferkeap foar de Frouljus PC set kommende woansdei útein en wurdt folslein digitaal dien. Op de woansdei foarôfgeande oan de wichtichste frouljuspartij fan it jier, wurdt de lotting dien op it keatsfjild.

De Frouljus PC wurdt dit jier op snein 27 septimber hâlden. De organisaasje is yn hannen fan keatsferiening Nije Kriich.

Ferline jier wûnen Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra de 43e Frouljus PC yn Weidum.

(advertinsje)
(advertinsje)