Dûbelslach foar Bergsma-en-dy: ek keatswinst yn Frjentsjer

13 sep 2020 - 21:04

Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hawwe sneintemiddei yn Frjentsjer de haadklassepartij wûn. Yn de finale tsjin Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar waard it úteinlik 5-5 6-0. It wie in goed wykein foar it winnende partoer, dat sneon yn Sint-Anne ek al mei de krânsen nei hûs gie.

Foto: Henk Bootsma

Dylan Drent

Yn de finale snein hie de útslach ek samar oarsom wêze kinnen. Steenstra-en-dy koene it op 5-4 6-6 ôfmeitsje, mar doe kaam Drent mei in kreaze boppeslach. De lytse preemje yn Frjentsjer wie foar it partoer fan Enno Kingma, Hessel Postma en Erwin Zijlstra.

Twadde winst partuer Dijkstra

Yn de frouljuspartij yn Frjentsjer pakten Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol harren twadde seizoensoerwinning. Yn de finale waard ienfâldich wûn fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma: 5-1 6-0. It tredde plak wie foar Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Margriet Bakker.

Tineke Dijkstra

Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)