Aspinall krekt te sterk foar Noppert yn achtste finales Autumn Series

13 sep 2020 - 16:13

Darter Danny Noppert is snein op de twadde dei fan de PDC Autumn Series yn de achtste finales einige. Tsjin Nathan Aspinall, de nûmer seis fan de wrâld, gie de Jouster mei 6-4 ûnderút.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste wedstriden hie Noppert gjin problemen mei Jamie Lewis (6-3) en Daniel Larsson (6-0). Tsjin Adam Hunt stie hy yn earste ynstânsje op efterstân, mar troch fiif legs op rige te winnen waard dy wedstriid 6-4. Yn de achtste finale tsjin Aspinall kaam Noppert lykwols te let op gong om noch wat sjen te litten.

De PDC Autumn Series duorje noch oant en mei woansdei. Nei dizze fiif fliertoernoaien folget it kwalifikaasjemomint foar de World Grand Prix, it earstfolgjende grutte telefyzjetoernoai begjin oktober.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)