Earste fjildoerwinning foar LDODK tsjin AW/DTV

13 sep 2020 - 15:52

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei de earste oerwinning fan it fjildseizoen binnen helle. Yn de thúswedstriid tsjin AW/DTV wie LDODK úteinlik mei 16-11 te sterk foar de besikers út Amsterdam.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

LDODK sette goed útein, en fia goals fan Erwin Zwart (2) en Julian Frieswyk kamen de Gordyksters mei 3-0 foar. Mar AW/DTV profitearre fan in perioade mei in swak skotpersintaazje fan LDODK en naam in 5-6 foarsprong. De thúsploech gie lykwols dochs mei in lytse foarsprong it skoft yn, troch ûnder mear de fjirde goal fan Erwin Zwart: 8-7.

Trainer Henk-Jan Mulder fan LDODK:

Yn de twadde helte rûn LDODK flot út nei fjouwer goals ferskil: 11-7. Mar wer kamen de Amsterdammers werom oant ien punt: 11-10. De ynfallers by LDODK makken dêrnei de put ôf: Ran Faber (2) en Eline Haan brochten de foarsprong wer nei fiif. Einstân: 16-11.

Ferline wike wie de earste fjildwedstriid fan LDODK. Doe wie Fortuna yn Delft mei in minym ferskil te sterk: 17-16.

Erwin Zwart fan LDODK:

LDODK spilet yn de Eareklasse A. Yn de Eareklasse A en B sitte elk seis teams. De bêste twa fan beide pûls stride oan de ein yn de play-offs om de nasjonale titel.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)
(advertinsje)