Persoan slim ferwûne by ûngelok by Dokkum: dyk tydlik ticht

By in ûngelok op de Lauwersseewei (N361) by Dokkum is sneintemiddei yn elts gefal ien persoan slim ferwûne rekke. It ûngelok barde om 14.00 oere hinne. In auto rekke fan de dyk en kaam yn in sleat telâne.
© Kevin van der Velde / ProNews
Der binne twa ambulânsen, brânwacht en in traumahelikopter nei it plak ta kaam. De dyk hat tydlik ôfsletten west foar ferkear.