Auto komt op 'e side yn in greppel telâne by Waskemar

13 sep 2020 - 14:25

By Waskemar fleach sneintemiddei in auto út de bocht oan de Schansdijk. De auto rekke in beam en kaam op 'e side yn in drûge sleat telâne. De brânwachten fan Haulerwyk en Drachten binne op it plak kaam, lykas twa ambulânsen en in plysjewein. Yn de auto sieten twa minsken. Hoe't it krekt mei harren is, is net bekend.

Foto: De Vries Media

Foar ûndersyk nei it ûngelok hat de dyk tydlik ôfsletten west.

Trefwurden: 
ûngelok Waskemar Schansdijk
(advertinsje)
(advertinsje)