Feanfroulju ûnderút tsjin PSV yn Nijhoarne

13 sep 2020 - 14:10

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe de earste thúswedstriid fan it nije seizoen ferlern. PSV wie mei 2-1 te sterk foar Hearrenfean. It duel waard spile yn Nijhoarne op de sportfjilden fan UDIROS, om't der op Skoatterwâld legionella is.

Coach Roeland ten Berge fan de froulju fan SC Hearrenfean:

De Feanster froulju setten goed útein, wat late ta twa goeie kânsen. Kirsten van de Weteringh skeat de bal krekt njonken en ek in kopbal fan Roos van der Veen gie by de ferkearde kant fan de peal del. De keepster fan PSV én oanfierder fan it Nederlânsk alvetal, Sari van Veenendaal, hoegde fierder allinne yn aksje te kommen by hege ballen.

Bettere fan it spul

Nettsjinsteande dat Hearrenfean it bettere fan it spul hie, kaam PSV nei in goed healoere op foarsprong. Joelle Smits wie attint by in skot dat werom kaam fan de peal en se koe maklik binnen tikje: 1-0. Williënne ter Beek wie foar it skoft noch ticht by de lykmakker, mar har skot waard krekt foar de line fuort kopt. Dochs waard it noch 1-1 yn de earste helte. In kopbal fan Kirsten van de Westeringh like net hielendal oer de line west te hawwen, mar op advys fan de assistint-skiedsrjochter waard de goal wol takend.

Foto: René Wiegmink / ProNews

It wedstriidbyld kantele yn de twadde helte. PSV hie no it bettere fan it spul en kaam fia Aniek Nouwen op 2-1. Se stie folslein frij by in frije traap en sette de Eindhovenaren op 2-1. Smits hie dêrnei de 3-1 meitsje moatten, mar se miste ien-op-ien mei Hearrenfean-keeper Charetha Okken. Yn de slotfaze besocht de ploech fan coach Roeland ten Berge it noch wol, mar echt grutte kansen smyt dat net mear op.

Tiny Hoekstra

Foarsitter Jessica Roosenburg

(advertinsje)
(advertinsje)